Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180712_SADWAANDE_OER_NETWURKJE_16_02_2000.mp4

Sadwaande: Netwurkje

16 Febrewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer netwurkje. NHL-dosint Anton Wachter jout dêr kursussen yn en leit út watst dwaan en net dwaan moatst. We sjogge ek by it frouljusnetwurk, dêr't 65 froulju by oansletten binne. It bestjoer fertelt oer nut en needsaak. En we sjogge by de sakeklup fan SC Hearrenfean. Tal fan mannen komme dêr by elkoar om te iten, te praten en kontakten te lizzen. Prinses op learzens is ek oan it netwurkjen of is it no 'net wurkje'?

Wyn op Woansdei: Sweden

Wyn op Woansdei: Sweden

19 Oktober 2005

Programmamakker Douwe Boersma folget de emigraasje fan de famylje Golverdingen fan Wâlterswâld nei Fastnäs yn Sweden. Dêr sille se in camping begjinne. Wilbert en Brenda Golverdingen wurkje by it famyljebedriuw, de rydskoalle. Mei har trije jonge bern litte se alles achter. We folgje se yn har deistich libben, by de Sweedske les, prate mei famyljeleden oer de emigraasje en binne by it ôfskied. Yn Sweden sjogge we by de opbou fan de camping op it eardere fuotbalfjild.

LTV_TIMMERMAN_TSJOENDER_171295_WR

Timmermantsjoender

17 Desimber 1995

Portret fan Piter Wilkens, Frysk trûbadoer en timmerman. We sjogge him oan it wurk yn de wurkpleats mar de muzyk nimt stadichoan hieltyd mear romte yn. Hy skriuwt Frysktalige nûmers om't er him yn syn memmetaal it bêste útdrukke kin. We sjogge him by opnamen yn de studio, by tal fan optredens, fan akoestysk yn de kroech oant op in festival mei band en sels yn Poalen. Fans komme oan it wurd, der is sels in fanclub. Earder siet er yn de band Okke Hel mei broer Sytse.