Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De Dyk Ut 18

De Dyk Ut 18

25 Augustus 1998

De Dyk Ut. Oflevering 18: Laaksum.

LTV_MANKES_300901_WR

De dreamde werklikheid, Jan Mankes

30 Septimber 2001

Portret fan skilder Jan Mankes (1889-1920). Neffens galeryhâlder Thom Mercuur makke Mankes tiidleaze keunst. Yn 1909 kaam Mankes nei De Knipe. Syn omjouwing (syn neisten, de natuer en dieren) lei er fêst op tal fan skilderijen. Hy skildere 'de siel' fan dingen en minsken. In muoikesizzer fertelt oer syn libben en keunstkenners en skilder Pieter Pander fertelle oer syn wurk. Yn 1915 troude er mei Annie Zernike, de earste froulike dûmny yn Nederlân. Se krigen ien soan (Beint, 1918). Yn 1920 stoar Mankes oan tbc. Hy leit yn Eerbeek begroeven.

Wurktiid TV: Reklamebuorden fan Sam Info

Wurktiid TV: Reklamebuorden fan Sam Info

05 Oktober 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it bedriuw Sam Info út Drachten. Se meitsje der grutte reklamebuorden, mar ek oare reklame-uteringen foar op buskes en bushokjes. Direkteur W. Samson en bedriuwslieder S. Zuidema fertelle oer it wurk, se ûntwerpe en drukke it sels.