Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

15 Oktober 2003

Programmamakker Evert van den Berg sjocht by it Friesch Dagblad, de krante bestiet 100 jier. Hy wol witte wa't de 20.000 leden-lêzers binne, hoe't de takomst fan it FD der útsjocht en hokker minsken dy krante meitsje. It is bekend dat de lêzers fan it FD gemiddeld net sa jong mear binne en dat de mearderheid kristlik is. Hy wie op besite by in FD-lêzersjûn yn Oerterp, op 'e redaksje, by de printers en ek by kollega's fan 'dy oare krante'.

WEROMBLIK--Heamiel-3-FNO230620MS

Hjoed: Heamiel 1998

25 Juny 1998

Goed 500 ynwenners fan Boalsert diene yn 1998 mei oan it tradisjonele Heamiel. Heakeninginne Marije Mulder siet oan it haad fan de tafel.

Spegels: De gang fan Sake

Spegels: De gang fan Sake

25 July 2002

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: in portret fan sjonger en skriuwer Sake Hylkema.