Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Simmer 2005

Spegels: Simmer 2005

25 Augustus 2005

It lytste teater fan Nederlân wie yn 2005 dat fan poppespiler Haye Bijlstra yn de Vijzelstrjitte yn Ljouwert. Janko Krist makke in reportaazje. It programma begjint mei de Hongaarske sjongeres Veronika Juhasz. Se folget in foaroplieding oan it konservatorium yn Grins en wennet yn Hurdegaryp, by âld-omropmeiwurkster Aly van der Mark. It leafst sjongt Veronika op strjitte, Italiaanske aria's. Mar dy tiid is no foarby, der moat hurd wurke wurde oan in karriêre.

PETEAR_JOOPMULDER

It Petear: Joop Mulder

28 Maaie 1996

'Mister Oerol' Joop Mulder, oprjochter fan it bekende festival op Skylge, giet it petear oan mei Bouke Oldenhof.

Tûkelteammen 0307

Tûkelteammen 0307

24 Maaie 2005

De sande ôflevering fan it tredde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sit akteur Romke de Leeuw mei Hille Morel van Mourik út Ljouwert en yn team 2 sit akteur Jan Arendz mei Tineke Riemersma fan Wetsens.