Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Hûneshow 5 april 1999

Hjoed: Hûneshow 5 april 1999

05 April 1999

De hûneshow yn Ljouwert hat neat te lijen fan de negative publisiteit om agressive hûnen hinne de lêste tiid. It publyk wie op 'e nij manmachtich oanwêzich op de tradisjonele keuring yn it FEC. Wol kleie de fokkers oer it plan fan lânbouminister Apotheker foar in agressiviteitstest foar in tal hûnerassen. De fokkers fine it ûnridlik dat krekt in pear rassen derút pakt wurde.

HJOED_250294_RepoBelslydjeienSurhusterfean

Belslydjeie yn Surhústerfean

25 Febrewaris 1994

Ympresje fan it belslydjeien op de iisbaan yn Surhústerfean. Hoewol't it teiwaar wie, stienen 21 sliden oan de start.

OEROL_1998_REPO

Reportaazjes Oerol 1998

12 Juny 1998

Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1998 op Skylge. 12/6: Lange wachttiden foar in plakje op de boat nei Skylge. 15/6: In ympresje fan de foarstellings 'Sevenup' fan Suver Nuver en Growing up in public, 'Onder delos' fan de Muzen en 'Zeeruis' fan theater Bleue. 17/6: In ympresje fan de minsken achter de skermen dy't foar de organisaasje fan Oerol soargje. 19/6: Oerol makket in grutte groei troch. De wachtrijen foar de kaartferkeap nimme ta. 22/6: Tûzenen taskôgers by it slotspektakel fan de Frânske fjoerwurkgroep Ephemere.