Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

160804_LC_HJOED_WR2

Hjoed: LC tydlik moarnskrante yn 2004

16 Augustus 2004

Yn 2004 wie de Leeuwarder Courant noch in middeiskrante. Mar yn augustus dat jier ferskynde de LC fjirtjin dagen lang as moarnskrante om it nijs fan de Olympyske Spelen sa gau mooglik oan de lêzers melde te kinnen. It earste moarnseksimplaar waard oanbean oan follyballer Olof van der Meulen.

Hjoed: Hûneshow 21 april 2003

Hjoed: Hûneshow 21 april 2003

21 April 2003

Op de tradisjonele ynternasjonale hûneshow yn it Ljouwerter FEC wie hjoed de fûgelpestkrisis ek te fernimmen. Der binne ekstra feedokters ynset om twifelgefallen út it suden en België te keuren. Guon dielnimmers mochten net meidwaan en oaren út Brabân woene net. De organisaasje hopet mei de maatregels foar te kommen dat de tûzenen besikers fan de hûneshow it firus ferspriede.

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

05 Juny 1998

Yn Hjoed fan 5 juny 1998 binne twa repo's oer Frozenland te sjen, it popfestival dat ûnder Fryslân 500 falt. Der binne 4.500 kaarten ferkocht en de jongerein komt út it hiele lân wei. Der binne fiif poadia. Ien fan de headliners is Run DMC. Troch de strange kontrôle op drank, drugs en wapenbesit duorret it lang foardat de besikers troch de poarten nei binnen meie. In soad misse de iepeningsact fan it Frysk Jeugd Orkest mei Reboelje. Ek De Heideroosjes, punk út Limburch, trede op. De twadde reportaazje giet oer ferkearsdrokte en tariedings.