Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 02: Wynkrêft 10

LINKK 02: Wynkrêft 10

13 Oktober 2000

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer de krêft fan wyn by draakjefleanen op Skylge, skûtsjesilen op de Iselmar, kitesurfe en Aeolus yn Seisbierrum.

Om Utens: Klaas Rusticus

Om Utens: Klaas Rusticus

28 Maaie 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Klaas Rusticus út Snits. Begjin jierren sechstich wurke hy yn it ûnderwiis yn Zwolle, mar ein jierren sechstich naam hy it beslút om him op teater, regissearjen en skriuwen te rjochtsjen.

PETEAR_TEAKEVANDERMEER

It Petear: Teake van der Meer

05 April 1994

Kabaretier Teake van der Meer, ek wol Lytse Teake, is by Klaas Jansma te gast yn de studio.