Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FERHUZING_FRIES_MUSEUM_250104_WR

Heakken en oezen: by de ferhuzing fan it Fries Museum

25 Jannewaris 2004

Arsjitekt Abe Bonnema liet 18 miljoen euro nei foar it Fries Museum mei as betingst dat der nijbou komme soe op it Ljouwerter Saailân/Wilhelminaplein. Net elk hat der betrouwen yn dat de kolleksjes goed foar it fuotljocht komme, lykas it Keninklik Frysk Genoatskip dat mei in grutte kolleksje de basis fan it museum is en ek de Ottema-Kingma Stichting hat fragen. Meiwurkers fan it Fries Museum komme oan it wurd en litte in soad fan de kolleksje sjen, skilderijen tekstyl, ierdewurk en sulver. En dan is der noch de fraach wat mei de pannen oan de Turfmerk barre moat.

Om Utens: Atte Jongstra

Om Utens: Atte Jongstra

29 Oktober 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Atte Jongstra út Terwispel. Hy studearre Nederlânsk oan de Universiteit fan Amsterdam en woe doe net mear út de stêd wei. Hy begûn boeken te skriuwen en waard resinsint foar NRC Handelsblad.

Radio Fryslân Edukatyf: Sipelsop en sûkelade

Radio Fryslân Edukatyf: Sipelsop en sûkelade

24 Oktober 1987

Yn 1987 waard yn it ramt fan '50 jier Frysk op skoalle' de teaterproduksje Sipelsop en Sûkelade opfierd. Yn dizze produksje sjongt in bernekoar Fryske ferskes en foeren Freark Smink en Ypie Siesling sênes út. It koar en akteursduo behannelje tema’s as skamte, jaloerskens en peste wêr 't de bern harren goed yn ferpleatse kinne. Dizze produksje wie sa’n sukses dat dit koar alle moanne in nij lietsje songen foar it skoalradioprogramma fan Omrop Fryslan.