Radio Fryslân Edukatyf: Sipelsop en sûkelade
Yn 1987 waard yn it ramt fan '50 jier Frysk op skoalle' de teaterproduksje Sipelsop en Sûkelade opfierd. Yn dizze produksje sjongt in bernekoar Fryske ferskes en foeren Freark Smink en Ypie Siesling sênes út. It koar en akteursduo behannelje tema’s as skamte, jaloerskens en peste wêr 't de bern harren goed yn ferpleatse kinne. Dizze produksje wie sa’n sukses dat dit koar alle moanne in nij lietsje songen foar it skoalradioprogramma fan Omrop Fryslan. Under lieding fan de inisjatyfnimmers Meindert Bosklopper, Cees Bijlstra en Aly van der Mark en mei stippe fan Fryske tekstdichters en komponisten waarden de ferskes betocht.
Ferskes: 00:00 Ferske: Sipelsop en Sûkelade
04:06 Ferske: Taal nûmer ien
07:49 Sêne: Freark Smink en Ypie Siesling
11:05 Ferske: Bijke
14:05 Sêne: Freark Smink oer figuerseagje
16:36 Ferske: Jaloersk
20:44 Sêne: Ypie Siesling oer skamte
24:23 Ferske: Regels
28:00 Sêne: Ypie Sieslink oer jurk
29:14 Ferske: Spikerbroekfamke
31:45 Sêne: Freark Smink as Sytse Snotbongel
35:33 Ferske: Skellen docht net sear
43:50 Ferske: Fûgelfrij
46:36 Sêne oer basisskoalle mei Freark Smink, Ypie Siesling en dirigint Meindert Bosklopper
48:46 Ferske: In rare boel