Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

OEROL_1995_WR

Reportaazjes Oerol 1995

09 Juny 1995

De fjirtjinde edysje fan Oerol yn 1995 begûn mei in spesjale trein út Amsterdam wei. Goed 20.000 minsken makken it earste wykein fan it festival mei. Twa reportaazjes út Hjoed fan 9 en 12 juny 1995, oer Oerol 1995 dat as tema 'Frankryk' hie.

WEROMBLIK--Heamiel-2-FNO230620ZB

Hjoed: Heamiel 1996

27 Juny 1996

In koart ferslach fan de yntocht fan Heakeninginne Miranda Greydanus mei har hofdames by de Boalserter Heamieldagen fan 1996.

OEROL_1997_WR

Reportaazjes Oerol 1997

10 Juny 1997

'Wyn' wie it tema fan Oerol 1997. Omrop Fryslân telefyzje brocht op 10 juny in reportaazje oer de tariedings en op 16 juny in item oer de rekorddrokte fan it iepeningswykein. Ek is der noch in oersjoch fan it strjitteteater op Oerol, dat útstjoerd waard op 23 juny 1997.