Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_TSJEBBEHETTINGA_220398

LTV: Moarn sil it foar ivich maitiid wêze

22 Maart 1998

In portret fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga út 1998. Oanlieding wie de oanbieding fan syn wurk yn Dútske oersetting yn de universiteitsstêd Tübingen. Hettinga waard folge op syn reis troch Dútslân, mar ek optredens fan him yn Fryslân binne filme.

Fan fan: Pelgrim Flyers

Fan fan: Pelgrim Flyers

19 Oktober 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurde de iishockeyers Pelgrim Flyers it himd fan it liif frege troch Jacob Schurer (39 jier). Hy moetet de spilers thús en fansels op it iis.

Sjoch mar: Sakeklup

Sjoch mar: Sakeklup

17 Novimber 1997

Sakelju by fuotbalwedstriden: se sitte der alle wiken. Mar binne dizze minsken sportleafhawwers of sitte se dêr om in goeie diel ôf te sluten? Arjen de Boer sjoch by de sakeklup by Cambuur.