Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV-Underduke-yn-it-Lege-Midden_WR

Underdûke yn it Lege Midden

09 April 2006

Hans de Haas kaam as jonge yn 1944 mei syn heit Roelof Horreüs de Haas (biologylearaar) as ûnderdûker nei de pleats Heach Hiem yn de Alde Feanen, by de famylje De Boer. Heit lei fan alles fêst (yn tekst en byld) oer dy perioade, fan oerstreamingen oant reedriden. Soan Hans fertelt deroer en lit fan alles sjen. Der is in tentoanstelling yn it Fersetsmuseum en ek giet er werom nei de pleats.

Wâldrock 2004

Wâldrock 2004

19 Juny 2004

De fjirtjinde edysje fan Wâldrock yn Burgum is fan start gien. De sfear siet der goed yn, ek al wie it sa út en troch wat reinich. De kaartferkeap falt úteinlik toch noch wol ta, yn totaal binne der noch sa'n 8.500 kaartsjes ferkocht. Der is plak foar sa'n 12.000 minsken, mar om't der dit jier gjin grutte act is, binne dat der wat minder wurden. Wylst Wâldrock iepene wurdt troch de Fryske band Mortuary I.O.D, stiet der foar de yngong noch in grutte rige. De kaartsjes binne ferkocht oan minsken út hiel Nederlân en fan alle leeftiden. Wâldrock is dit jier wat lytser fan opset.

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

28 Maart 2005

De konkurrinsje tusken de ferskate hûneshows yn Nederlân wurdt te grut. Dêrtroch luts de ynternasjonale hûneshow yn Ljouwert wer minder hûnen as ferline jier. Sa stelt de organisaasje. Krapoan 2100 hûnen wiene der oanmeld, yn de heechtiidsdagen wiene dat der 500 mear. De ferskate hûneshows binne sa flak achterinoar pland dat minsken in kar meitsje moatte.