Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0404

Sybe Satellyt 0404

14 Desimber 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe sjocht by krystbeammekweker Johan Klaver en hy giet nei de roomske tsjerke, dêr't pastoar Van der Wal oer krysttiid fertelt. En Sake Roodbergen hat in fetbol makke foar de fûgels.

180727_SADWAANDE_SYKHELJE_08_04_1998.mp4

Sadwaande: kninefokker, binnenfeartskip en sykhelterapeut

08 April 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, de kwestje en de staazjerinner, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge by it wurk fan in sykhelterapeut dy't helpt by fobyen, eangsten en hyperfentilaasje. Staazjerinner Wendy van Gelderen rint in dei mei skipper Pieter Brouwer mei op syn binnenfeartskip. Yn de kwestje steane twa partijen tsjinoer elkoar: kninefokker en dierebeskerming.