Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MUZYK_YN_WJELSRYP

Muzyk yn Wjelsryp: korps Concordia

17 April 1994

We sjogge by it korps fan Wjelsryp: Concordia. Se spylje by de trouwerij fan Hetty Post-Veenstra, lid fan it korps yn de tsjerketsjinst. Se woe altyd al by it korps, begûn op de lytse trom en spilet no wâldhoarn. Ek dirigint Sjoerd de Boer komt oan it wurd, en lid sûnt 1957 Hieltje Terpstra. We binne by it donateurskonsert, it opheljen fan âld papier en by in optreden op in kampioenskip.

LTV Wat in wurk: De kapster

LTV Wat in wurk: De kapster

20 April 1989

Portret fan it kappersfak. We sjogge by kapsalon De Frissel yn Bûtenpost fan Elly Kramer. Se sit al tweintich jier yn it fak en it ferfeelt har noch altyd net. Ek sjogge we by twa kappersopliedingen: by De Esken wurkje en leare de learlingen tagelyk en by De Zwettepoort leare se it fak ek op de mdgo-oplieding. Kappers wurde min betelle, dêr fertelt ien fan it fakbûn FNV oer.

Fryslân Dwerstroch 0104: Greidhoeke

Fryslân Dwerstroch 0104: Greidhoeke

14 Maart 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel fjouwer rint se troch de Greidhoeke. Dêr binne in soad boeren mei kij. Se fertelt oer it boerebedriuw, dat boeren (keunst)dong oer it lân struie, gers meane en se leit út wat kuil is. Ek sjogge we by it melken en hoe't tsiis makke wurdt yn it fabryk. En Fryske hynders en aaisykje komme ek oan de oarder.