Eise Eisinga: it fenomeen fan Frjentsjer

15 Maaie 2005

Dramatisearre ferhaal oer it libben en wurk fan Eise Eisinga (1744-1828) en syn planetarium yn Frjentsjer. Eise waard berne yn Dronryp as soan fan in wolkjimmer, hy waard letter sels ek wolkjimmer. Om't er goed leare koe (fral rekkenjen) folge er lessen oan de Frjentsjer Akademy. Nei't in dûmny út Boazum foarsei dat de wrâld yn 1774 fergean soe as gefolch fan in bepaalde stân fan de planeten, betocht Eisinga om in bewegend planetarium te bouwen om sjen te litten dat dat net sa wie. Op it plafond fan de wenkeamer skildere er it hielal en de oerwurken boude er op souder. Professor Van Swinden wie sa ûnder de yndruk dat er der in boek oer skreau en sa waard it planetarium yn hiel Europa bekend. Noch altyd wurket it planetarium en lûkt it museum in soad besikers.