Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan in bettere nei in oare wrâld

Fan in bettere nei in oare wrâld

28 Novimber 2004

Programmamakker Johan van der Zee makke de dokumintêre oer de Folkshegeskoalle Schylgeralân. Dy is yn 1948 oprjochte om de posysje fan it Frysk te ferbetterjen en te stribjen nei in bettere wrâld. We sjogge bylden fan earder en prate mei oprjochter Harm Scheffer, âld-direkteur Betze Stienstra en de hjoeddeiske direkteur Klaske Jaspers oer de feroaringen fan it kursusoanbod en it feroare plak fan de Folkshegeskoalle yn de rin fan de tiid.

Sybe Satellyt 0609

Sybe Satellyt 0609

21 Maaie 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Nico Minnema fan It Fryske Gea oer de natuer yn de Alde Feanen by Earnewâld. Ek sjocht er yn Eksmoarre, by in skoaltsje út 1885 en in winkeltsje mei guod fan hûndert jier lyn. It is no in museum en heart by Aldfaers Erfrûte.

LTV_NIJJIER_YN_DRACHTEN_WEROMROP

Nijjier yn Drachten

03 Jannewaris 1993

In portret fan de ploech dy't yn Drachten wurket oan de Nijjiersrevue 'De zon- en feestdagenshow' fan 1993. De tradysje is begûn ûnder de eardere Laweidirekteur Roel Oostra mei it stik 'Dag ouwe, dag jonge' yn 1972 en de hjoeddeiske direkteur Thom van der Goot set dat troch. De tekst is fan Rients Gratama dy't ek meispilet en de muzyk is fan Peter Sijbenga. It stik wurdt spile troch tal fan amateurs, guon dogge al foar de 15e kear mei. We sjogge by de tarieding, repetysjes en it naaien fan de kostúms.