Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0205: Ferlies

Tritigers 0205: Ferlies

14 Oktober 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fyfde diel fan de twadde searje in oangripend ferhaal fan Froukje de Groot. Har man Chris wie 32 doe't moarchpiidkanker konstatearre waard.

LTV_De-Nije-Grand-Tour-2-v2_doku_WR

De nije Grand Tour, diel twa

22 Oktober 2004

Yn it heger ûnderwiis nimt de ynternasjonalisearring ta. We folgje in pear studinten fan de CHN (kristlike hegeskoalle) yn Ljouwert dy't in pear moannen staazje rinne yn Súd-Afrika. It binne de hotelskoallestudinten Joey Hehamahua, Gijs Tordoir, Peter Henriet en Tjitske Bouma en pabostudinte Inger van Til en SPH-studinte Alijanna Beijert.

Tûkelteammen 0105

Tûkelteammen 0105

29 Oktober 2002

Yn dit programma wurde twa teams fan twa minsken ferge op harren kennis fan it Frysk. It giet dan on de skriuwwize. mar ek binne der fragen oer de komôf fan guon Fryske wurden, de etymologyfragen. De kandidaten binne yn team 1: muzikant Sytse Broersma en Yteke Laffra; yn team 2: aktrise Marijke Geertsma en Siebren Miedema.