Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Keatsen-yn-Belgie-1_WR

Keatsen yn België (diel 1): it kampioenskip fan Flaanderen

23 Septimber 2007

Diel 1 fan in twalûk oer keatsen yn België. We sjogge by it kampioenskip fan Flaanderen, dat op strjitte dien wurdt yn Aalst. We prate mei twa suksesfolle Belgyske keatsers, David de Vits en Timmy Joos. It keatsen is fan âlds in folkssport, mar de belangstelling nimt ôf. Ek Fryske keatsers komme oan it wurd, Piet Jetze Faber, Johannes Brandsma en Gerrit Okkinga.

7de klasse A 20: Twizel - Blokzijl

7de klasse A 20: Twizel - Blokzijl

05 Maaie 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan fuotbaljend Fryslân. Dizze lêste wedstriid wurdt beslissend foar de finale. Blokzijl moat tsjin Zeester en Dokkum tsjin Tsjummearum.

LINKK 02: Wynkrêft 10

LINKK 02: Wynkrêft 10

13 Oktober 2000

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer de krêft fan wyn by draakjefleanen op Skylge, skûtsjesilen op de Iselmar, kitesurfe en Aeolus yn Seisbierrum.