Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fytsalvestêdetocht 2000

Fytsalvestêdetocht 2000

12 Juny 2000

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 2000.

180713_SADWAANDE_OER_MOBILE_TILLEFOAN_29_03_2000.mp4

Sadwaande: Mobile telefoan

29 Maart 2000

Dizze Sadwaande giet oer de mobile telefoan, de GSM makket in flinke opmars. Net oeral wurdt it wurdearre dat je belje, bygelyks yn de bus, yn de les of ûnder in gearkomste. We sjogge by ferskate telefoanwinkels en it ynbouwen fan in carkit yn de auto. En kin de strieling fan hege mêsten kwea foar de minske?

LTV_KWEEKSKOALLE_190498_WR

De arbeidersuniversiteit, de kweekskoalle

19 April 1998

De fêstiging fan de pabo yn Drachten (fan de NHL) moat slute, learlingen moatte tenei nei Ljouwert. We hearre de learlingen fan no, se ha bewust keazen foar in lytse skoalle. En we dûke de skiednis yn, doe't it de rykskweekskoalle wie, foarrinner fan de PA. Twa âld-ûnderwizers fertelle oer har ûnderfiningen en we hearre oer de skiednis fan de kweek yn Drachten en dy fan It Hearrenfean dy't al earder slute moast. By reünys fan beide opliedingen treffe âld-learlingen inoar.