Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_GRIZE_TAKOMST_2_WEROMROP

De grize takomst, diel twa

31 Maaie 1992

Yn in twalûk sjogge we nei âlderein. Der komme hieltyd mear âlde minsken en se bliuwe ek hieltyd langer thús wenjen. Dêr krije se help fan de wykfersoarchster, we folgje Janny Gorter yn har wurk. Se helpt de minsken thús mei oanklaaie, waskje en hoazzen oandwaan. It tsjinstesintrum yn Menaam docht in soad foar âlderein. Neist aktiviteiten en foarljochting meitsje se ek alle dagen 1000 mielen klear dy't kuolfarsk rûnbrocht wurde. It PIOL, project intensieve ondersteuning Leeuwarden, leveret spesjalistyske soarch oan hûs.

LTV_Debat_oer_Dualisme_yn_gemeentebestjoer

Dualisme yn it lokale bestjoer

27 Juny 2022

Diskusjeprogramma oer dualisme yn it lokale bestjoer. It dualisme is fjouwer jier lyn ynfierd. It hâldt yn dat de wethâlder net langer lid fan de gemeenteried is en dat dy it belied útfiert dat troch de ried fêststeld is. Yn it stedhûs fan Dokkum wurdt ûnder lieding fan Gryt van Duinen praat oer wat it dualisme brocht hat, mei foar- en tsjinstanners. Oan tafel sitte heechlearaar Douwe Jan Elzinga en de politisy Jan Waterlander, Lute Pen, Karst Berkenbosch en Piet Waaijer.

LTV_ANARGISME_YN_APPELSKEA

Anargisme yn Appelskea

04 Juny 1995

Fan âldsher kamen de anargisten mei de pinksterdagen yn Appelskea by inoar. Yn 1933 wienen dat de Vrije Socialisten dy't anty-militaristysk wienen en gjin alkohol brûkten. No komme tal fan minsken noch nei de Pinksterlanddagen, se binne begien mei natuer en miljeu en noch altyd links yn tinken. Besikers fan no en earder fertelle deroer.