Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Tiemen van der Vee,  Aly Bruinsma en Hubertus de Jong

Spegels: Tiemen van der Vee, Aly Bruinsma en Hubertus de Jong

23 Jannewaris 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dit kear in útstjoering mei trije reportages oer Tiemen van der Vee (in kreative skoalmaster), Aly Bruinsma (teaterspilster) en in eksposysje fan Hubertus de Jong.

LTV Wat in wurk: De wykferpleechkundige

LTV Wat in wurk: De wykferpleechkundige

06 April 1989

Portret fan wykferpleechkundige Akkie van der Werf fan De Wylgen. We folgje har by har wurk by Groene Kruisvereniging Wynjewâld en omstreken. Se komt by de minsken thús om te helpen yn de fersoarging, lykas waskje en oanklaaie mar helpt ek by it spuitsjen fan ynsuline of fersoarging fan in wûne. Se helpt net inkeld âlde minsken dy't harsels net mear rêde kinne, lykas de 107-jierrige frou dy't mei har soan op in pleatske wennet, mar komt ek by jonge âlden oer de flier om by poppen de hylprik te setten.

Sybe Satellyt 0407

Sybe Satellyt 0407

22 Maart 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sake Roodbergen en in groepke bern sille te aaisykjen. Sybe sjocht yn museum Het Behouden Huys op Skylge dêr't de direkteur oer de funksje fan de Brandaris fertelt en by it projekt Earm en Ryk dêr't jild mei sammele wurdt foar handikapte bern yn Brazilië.