Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld diel 1: It Ald Frysk

Skriuwers yn byld diel 1: It Ald Frysk

03 Maart 1988

It Aldfrysk is de earste bekende foarm fan it Frysk en waard brûkt tusken de jierren 1100 en 1575. Yn de earste útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' wurdt mear ynsjoch jûn yn dizze West-Germaanske taal.

Van Tuinen Thús by Sicko Heldoorn

Van Tuinen Thús by Sicko Heldoorn

17 Juny 2003

Thús by Sicko Heldoorn yn De Tynje, boargemaster fan Opsterlân en âld-deputearre Provinsjale Steaten.

Wâldrock 1994

Wâldrock 1994

08 July 1994

Burgum makket him op foar it Wâldrockfestival. Op dit jierlikse heavymetalfestival wurdt topdrokte ferwachte. Yn de foarferkeap binne al mear as 2.500 kaartsjes ferkocht. Moarn wurde oer de 3.500 minsken ferwachte. De plysje hat fjouwer ekstra minsken ynset foar de dei, mar ferwachtet gjin problemen. Moarn komme de measte besikers, mar hjoed kamen de earste besikers al binnen en se bliuwe fannacht op de kamping by it festival. Der wurdt noch drok wurke oan de opbou fan it poadium en de organisaasje hat it ferskuorrende drok.