Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch Mar: Toulûke

Sjoch Mar: Toulûke

02 Maart 1998

De Nederlânske kampioenen toulûken, by de froulju, komme út Fryslân. Se binne sels wrâldkampioen. Arjen de Boer traint mei mei it team fan It Heidenskip.

Baas Boppe Baas 0406: Krystepidemy

Baas Boppe Baas 0406: Krystepidemy

01 Jannewaris 2004

Elkenien hat it swier mei de earste krystdagen sûnder Sjoerd. Talieta moat it krystdiner meitsje omdat Froukje siik is. Dan komt der samar ien om har te helpen.

DOMYN_FAATS

Myn Domyn: Pencak Silatsporters Gwen en Gianna Faats

12 Oktober 2005

Portret fan de twilling Gwen en Gianna Faats. Se binne 16 jier en wenje yn Stiens. Alles giet oan 'e kant foar har fjochtsport Pencak Silat. Se hawwe al meardere kearen Nederlânsk kampioen west yn de gewichtsklasse 60 en 65 kilogram. Har trainer is George Frederiksz, dy't de iennige sportskoalle foar Pencak Silat yn Fryslân hat. De heit komt ek te praat oer it fanatisme fan syn dochters. En fansels de twilling sels. We sjogge by de prizekast thús, op de training en by wedstriden.