De muzyk fan it lânskip - oer komponist Pieter Bakker

20 April 2003

Pieter Bakker is komponist en (de stilte fan) it Fryske lânskip ynspirearret him, lykas de Aldegeaster Brekken by Sânfurd. Hy fertelt oer syn wurk, we sjogge him oan it wurk en we hearre syn wurk. By in repetysje fan Capella Frisiae, Excelsior yn Skraard en op it kariljon fan Dokkum. Bakker fotografearret it lânskip ek en dat ynspirearre keunstner Gerrit de Wilde ta in eksposysje.