150 jier PC: diel 1 'In klassike folkssport'

15 Juny 2003

De PC op de fiifde woansdei fan july op it Sjûkelân yn Frjentsjer is al jierren de belangrykste keatswedstriid fan it jier. Yn dit diel sjogge we nei it ûntstean en wat de PC no sa bysûnder makket. Foarsitter Jan van der Meij komt oan it wurd, krekt as keatshistoarikus Pieter Breuker. Der binne is soad wedstriidbylden te sjen en ek argyfmateriaal. De PC (Permanente Commmissie) is yn 1853 oprjochte nei't der amper mear belangstelling wie foar de Balverkaatsdag. De PC moast in fatsoenlik feest wurde, fûn betinker Jan Bogtstra dy't mar leafst 40 jier PC-lid wie. In feest mei muzyk, flaggen en tagonklik foar froulju. Noch altyd stiet de dei fol tradysjes, it lieden fan de klok, de iepeningstaspraak, de koetsrit, it folksliet en fansels de keningsbal foar de kening fan it winnende partoer. It spul is om 1200 hinne yn Frankryk ûntstien. Ek Belgen kinne goed keatse; yn 1917 wûn in Belgysk partoer de PC.