Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Rondo Musica 1: Stimmen

Rondo Musica 1: Stimmen

30 Oktober 2000

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel ien giet it oer de stim. Tamara praat mei Femke Hottinga, se sjongt yn in koar en krijt sjongles. Ek leit in KNO-arts út hoe't de stimbannen wurkje. Fierder hearre we operasjonger Gary Boyce en stimkeunstneres Greetje Bijma.

Wâldrock 1994 (2)

Wâldrock 1994 (2)

11 July 1994

Wâldrock groeit sa stadichoan út ta it grutste popfestival fan Fryslân. 4.000 heavy-metalfans kamen sneon nei de Simmerdyk by Burgum, en dat wie 1.000 mear as ferline jier. Njoggen bands, benammen út it bûtenlân, ragden der op los. Mar Wâldrock is fral ek in moetingsplak, foar minsken dy't allegear deselde libbensstyl oanhingje: metal.

No Wy: Marne College

No Wy: Marne College

11 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering De Tas folgje we learlingen fan it Marne College yn Boalsert dy't sels in film meitsje oer in tas. De film lit in dei út it libben fan in skoaltas sjen, lykas ûnderweis mei de bus en op skoalle by it tekeneksamen. Regisseur Leslie Piggott, kameraman Yde Vrieswyk en haadrolspylster Berber Sieperda fertelle oer it meitsjen fan de film.