Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0703

Sybe Satellyt 0703

08 Novimber 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sake Roodbergen fertelt oer siedsjes fan ûnder oare reuzebalsemyn, wylde roas en de esk. Fierder praat er mei muzikante Corinne Staal. Se is blyn en hat help fan in hûn dy't spesjaal oplaat is om te helpen. Monique de Jong leit út hoe't sokke hûnen traind wurde.

Hjoed: kampioenswedstryd Feanwâlden - Bûtenpost 2005

Hjoed: kampioenswedstryd Feanwâlden - Bûtenpost 2005

18 Maaie 2005

Net faak wie de striid om in kampioenskip yn it amateurfuotbal sa spannend as yn 'e tredde klasse B. Ofrûne sneon koene sawol Feanwâlden as Bûtenpost yn in ûnderling duel kampioen wurde. It waard in 2-2 lykspul. Dus eindigen beide mei 50 punten op in dield earste plak. Justerjûn moast in finale op neutraal terrein yn Kollumersweach de trochslach jaan.

Tûkelteammen 0205

Tûkelteammen 0205

28 Oktober 2003

Team 1 bestiet út skriuwster Simy Sevenster en Siebolt Dijkstra fan Mantgum; yn team 2 sitte skriuwer Bouke Oldenhof en Trijntsje van der Meer fan Easterwierrum.