Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Spul yn Feanwâlden

Wyn op Woansdei: Spul yn Feanwâlden

16 Febrewaris 2005

Programmamakker Evert van den Berg siket út hoe't it sa út de hân rinne koe yn de Klysterstrjitte yn Feanwâlden. Dêr is spul tusken buorlju útrûn op oarloch mei as gefolch dat in Somalyske húshâlding flechtsje moast. Oanlieding wie lûdsoerlêst of is der sprake fan rasisme? De buorlju Bubb en Wijbenga komme oan it wurd en oare buertbewenners, mar ek boargemaster Arie Aalberts en LC-sjoernalist Eva Vriend oer de berjochtjouwing yn de media.

Sjoch mar: Westernride

Sjoch mar: Westernride

30 Maart 1998

Western hynderride komt fan oarsprong út Amearika mar wurdt ek hieltyd populêrder yn Fryslân. Reden foar Arjen de Boer om op kursus te gean.

Hjoed: Opskuor om de dominomosk

Hjoed: Opskuor om de dominomosk

15 Novimber 2005

Noch net earder hat de dea fan ien mosk foar safolle opskuor soarge as dy fan de dominomosk. It fûgeltsje wie it ôfrûne wykein de hal fan it FEC ynflein dêr't drok wurke waard oan Domino Day. It bist smiet goed tweintichtûzen stientsjes om. Om mear skea foar te kommen is de mosk mei in luchtbuks deasketten. Dat hat oant oer de Nederlânske grinzen foar lilke reaksjes soarge.