Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_RYKSPLYSJE_TE_WETTER_WEROMROP

Ryksplysje op it wetter

27 Septimber 1992

Yn dit programma folgje we de Ryksplysje op it wetter. Troch in kommende reorganisaasje ha de plysjeminsken noed oer de takomst. Har wurk sil foar in grut part oernommen wurde troch regioplysje. De Ryksplysje fart op de Fryske wetters, soms previntyf en faak kontrolearjend. Se komme by alle soarten skippen oanboard, fan beropsfeart oant charter en fan rekreaasje oant speedboat. Sa nimme se meunsters fan wetter dêr't oalje yn oantroffen is, freegje se nei de goede papieren en kontrolearje se op feilichheid.

Van Tuinen Thús by Sicko Heldoorn

Van Tuinen Thús by Sicko Heldoorn

17 Juny 2003

Thús by Sicko Heldoorn yn De Tynje, boargemaster fan Opsterlân en âld-deputearre Provinsjale Steaten.

LTV_Generaasjes_1_Sjoerd_en_Paul_vd_Werf

Generaasjes 1: Sjoerd en Paul van der Werf

27 Juny 2022

Heit Sjoerd en soan Paul van der Werf fertelle beide oer har wurk, oerienkomsten en ferskillen. Sjoerd van der Werf is romtefeartsjoernalist, wurke by it Friesch Dagblad en skreau meardere boeken oer romtefeart. Paul is astronoom, as stjerrekundige hâldt er him dwaande mei molkweistelsels. Beide binne ek muzikaal.