Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_150502_FAKANSJEWURK

Sadwaande: Fakânsjewurk

15 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer fakânsjewurk. Wat komt der allegear by sjen? Wat wolle de minsken dy't in bybaantsje sykje en wat ferwachtsje de wurkjouwers? Op It Amelân is it lestich om minsken foar de hoareka te finen, we sjogge op it eilân. Ek prate we mei ien fan it útstjoerburo en ien fan de belestingtsjinst oer de rjochten en plichten. Floris hat ek in fakânsjebaantsje.

Tritigers 0207: Wurkleas

Tritigers 0207: Wurkleas

04 Novimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sande diel fan de twadde searje giet it oer wurkleazens. Troch de krisis ferlieze tritigers har baan.

Wurktiid TV: Geitehâlderij

Wurktiid TV: Geitehâlderij

17 July 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de geitehâlderij fan de famylje Holtrop yn Rinsumageast. Se hienen earst kij, mar troch de superheffing koe dat net mear út en binne se oerstapt op geiten. Se ha 250 geiten dy't se twa kear deis melke. De molke giet nei Staphorst dêr't der geitetsiis fan makke wurdt