Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 01: Tsjummearum - Maluku

7de klasse A 01: Tsjummearum - Maluku

09 Septimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. De earste wedstryd wie tusken Tsjummearum - Maluku 1-1.

LTV_BERNARD_SMILDE_110404_WR

Sang fan 'e hoeder - portret fan Bernhard Smilde

11 April 2004

Dûmny Bernhard Smilde hat tal fan lieten komponearre en in soad teksten nei it Frysk oerset. In koar ûnder lieding fan Hoite Pruiksma sjongt in tal fan syn wurken en Smilde fertelt oer syn leafde foar de muzyk, de Fryske taal en it dûmny-wêzen.

LTV_AUKE_DE_VRIES

Auke de Vries: byldzjend keunstner

06 Novimber 1994

Portret fan byldzjend keunstner Auke de Vries. Hy is yn 1937 yn Burgum berne. Syn wurk is 'poëzy yn de romte'. Hy makke wurk foar by de Maas yn Rotterdam, de Twadde Keamer yn Den Haag, mar syn wurk is ek yn Dútslân en Spanje te finen. Hy fertelt oer syn ynspiraasje en wurkwize.