Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_GRIENEWEI_2_010490

LTV: De Griene Wei 2: Ofskied fan in regisseur: Guido Wevers

01 April 1990

Yn dit programma praat Geart de Vries mei Guido Wevers, artistyk lieder en regisseur by Tryater. It is in ôfskiedsynterview dêr't yn werom sjoen wurdt op de ôfrûne 4 jier. Wevers komt út België, wat hat er mei taal en it Frysk. We sjogge twa koarte fragminten fan twa stikken ûnder syn regy: Boeren stjerre en De feint fan twa masters. Ek sjogge we by de repetysje fan Mefisto en by in repetysje fan in kursus fan amateurtoaniel. De eardere lieder fan Tryater Pyt van der Zee fertelt oer Wevers syn perioade by Tryater.

Wâldrock 2001

Wâldrock 2001

30 Juny 2001

De grûn sil sneon wer trilje yn Burgum en omkriten. Want it grutste Fryske metalfestival Wâldrock barst dan wer los. Mei ien grut ferskil, der mei dit jier foar it earst net crowdsurfd wurde. In grut gemis foar de echte metal-leafhawwer. Wy wiene by de lêste tariedings. Foar de 14de kear set sneon Wâldrock útein. Fryslâns grutste muzykfestival hat troch de jierren in namme opboud as in festival foar de hurde muzyk. Stiene der yn de begjinjierren noch bands as De Nits en Claw Boys Claw, letter waarden dat groepen as Sepultura, Slayer en Biohazard.

SADWAANDE_300102_KENINKLIKHOULIK

Sadwaande: Keninklik houlik

30 Jannewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer it oansteande keninklik houlik tusken Willem-Alexander en Máxima. We binne yn Amsterdam dêr't it houlik sletten wurdt op de Dam, by de Nieuwe Kerk en yn de Beurs van Berlage mei twa minsken. Ruurd Walinga is foar de Oranjes en Jacques de Vries is in republikein. Binne de Oranjes in mearwearde of in mearke? Floris is ek yn de haadstêd om it Fryske fak alfêst beset te hâlden.