Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

CAMPING_3_WR

In dei op de camping 3: De Kuilart yn Koudum

23 July 1997

Sfearympresje fan De Kuilart yn Koudum en de gasten. It is in camping oan it wetter foar jong en âld mei in soad mooglikheden lykas ferhier fan boaten, bungalows en der is in bowlingbaan en in muzykkafee. Der is sels in technyske tsjinst. Ek Dútsers witte de camping te finen. Wat dogge de minsken as it reint?

LTV_Griend-te-gast-by-de-fugels_WR

Griend; te gast by de fûgels

28 Septimber 2008

Griend is it lytste waadeilân fan Nederlân. It is in beskerme fûgelreservaat. Fan april oant en mei july wennet der in biologe-echtpear. Omrop Fryslân filme op it eilân om te sjen hoe't de minsken harren ferhâlde ta de fûgels.

Under Fjoer 0203 Mirjam Timmer

Under Fjoer 0203 Mirjam Timmer

19 Novimber 2003

Yn de tredde ôflevering fan dit nije seizoen Under Fjoer stiet sjongeres Mirjam Timmer, bekend fan Twarres, sintraal.