Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Portret-Shakey-Sam_WR

Shakey Sam. De wite blues fan Simon Vlietstra

07 Maaie 2006

Portret fan Simon Vlietstra, alias Shakey Sam, de iennige Fryske bluesartyst. 25 Jier nei syn selskeazen dea wurdt er eare mei in tribute. Freonen, famylje (broer, mem, soan), kollega's en bandleden sjogge werom en fertelle oer har bân mei de sjonger en mûlharpspiler. Syn artystenamme ûntstie om't er altyd senuwachtich wie. Hy bruts lanlik troch en siet by de band Barrelhouse. Nei in drege jeugd (út hûs pleatst) kaam er yn de kunde mei de blues fan Cuby and The Blizzards. It wie net in maklik man, mar wol earlik mei 'zeggingskracht' yn syn muzyk.

Baas Boppe Baas 0104: Sike Kij

Baas Boppe Baas 0104: Sike Kij

01 Jannewaris 2001

Meardere kij wurde siik en de boeren tinke dat it oan smoarch sleatswetter leit. Der is in jerrycan mei frjemd guod fûn yn de sleat en de plysje docht ûndersyk nei de saak. Mar Beant hat al in idee fan wa't de jerrycan is...

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

22 Oktober 2003

Programmamakker Gerard van der Veer dûkt yn de wurkleasheid. It leger wurkleazen is it ôfrûne jier yn rap tempo tanommen en it iene nei it oare Fryske bedriuw giet fallyt. Yn Den Haag wurdt keazen foar de hurde oanpak. Wurkleazen moatte safolle mooglik prikkele wurde om wer oan de slach te gean. Gerard van der Veer folget twa manlju dy't troch it fallissemint by skipswerf Bijlsma yn Warten wurkleas rekken. Fokke de Jong en Appie Zwerver hawwe harren libbenlang dêr wurke, mar moatte no leare hoe't sy wer oan de bak komme moatte.