Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0407

Sybe Satellyt 0407

22 Maart 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sake Roodbergen en in groepke bern sille te aaisykjen. Sybe sjocht yn museum Het Behouden Huys op Skylge dêr't de direkteur oer de funksje fan de Brandaris fertelt en by it projekt Earm en Ryk dêr't jild mei sammele wurdt foar handikapte bern yn Brazilië.

Mata Hari de musical 2

Mata Hari de musical 2

05 Maaie 1991

Twadde diel fan de registraasje fan de Fryske musical Mata Hari yn 1991, skreaun troch Rients Gratama. Froukje Schaaf spilet Mata Hari.

Hea: Kryststâl fan 15 meter

Hea: Kryststâl fan 15 meter

20 Desimber 2004

In soad minsken hawwe mei krysttiid in kryststâl yn ‘e hûs, mar de stâl fan Fred van der Zwet en Roel den Dulk is in bytsje ut ‘e hân rûn.