Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Krystman yn de bus

Krystman yn de bus

21 Desimber 1995

In bytsje mear fleurichheid yn it bedriuw FRAM kin gjin kwea, tocht bussjauffeur Broer Smedes. In pear dagen foar krysttiid 1995 ried dizze man ferklaaid as krystman yn de bus tusken Ljouwert en Drachten.

LTV_Op-nei-laplan_Band-Van-Wieren_WR

Op nei Laplân: de band Van Wieren

31 Desimber 2006

We folgje de Fryske rockband Van Wieren dy't meidocht oan it sjongfestival foar minderheidstalen Liet Ynternasjonaal, dat yn Sweedsk Laplân is. It is de earste bûtenlânske reis fan de band dy't hege ferwachtingen fan it optreden hat. We sjogge by de repetysjes, prate mei de oare tsien dielnimmers en sjuerylid Beart Oosterhaven. Ek sjogge we fragminten fan de show mei optredens. Uteinlik wurdt Van Wieren sechsde, de winner is de Samyske dielnimmer.

180727_SADWAANDE_WAADRINNE_26_06_2002.mp4

Sadwaande: Waadrinne

26 Juny 2002

Dizze alderlêste Sadwaande giet oer waadrinnen. De hiele ploech fan Sadwaande rint fan Holwert nei It Amelân. Ingrid praat ûnderweis mei de gidsen en we leare oer de skiednis fan Wadloopcentrum Friesland. Ek sjogge we by gidsen yn oplieding dy't by de tocht oer de floara en fauna fertelle. Floris rint fansels ek mei.