Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_JAN_EISINGA_191003_WR

Portret fan lobbyist Jan Eisenga

19 Oktober 2003

Jan Eisenga wurket as lobbyist foar de trije noardlike provinsjes yn Den Haag. Hy praat in soad mei Keamerleden en hat fansels kontakten yn de provinsjes. Ien fan syn dossiers is de hege snelheidsline. We sjogge him oan it wurk en we komme yn de kunde mei syn opfolger Henk Postma.

180628_SADWAANDE_16_05_2001_KEUNST.mp4

Sadwaande: Keunst

16 Maaie 2001

Dizze Sadwaande giet oer keunst. Wat hinget der by minsken thús oan de muorre? Guon sammelje keunst, oaren ha wat fan de Keunstútlien en wer oaren ha wurk as oantinken oan de muorre. We sjogge by byldzjend keunstner Irma Kamp en hearre fan Kie Ellens hoe't er keunstners begeliedt yn de saneamde WIK-regeling. In soad keunstners kinne net inkeld fan har wurk libje, Peter Bax yn Snits kombinearret dêrom keunstútlien, listemakkerij en galery mei elkoar. Prinses op learzens makket ek keunst fansels.

LTV_SWETTEN_FERLIZZE_271195_WR

De swetten ferlizze

26 Novimber 1995

Yn dit programma sjogge we by fjouwer famyljes dy't om ferskillende redenen ferhúzje, soms nei in oar plak yn Fryslân, soms nei in oar lân. Geertje Bouman-Dijkstra hat 18 jier op Flylân wenne mar ferhuzet no nei de wâl. Skipper Allard Syperda is dwaande om syn skip klear te meitsjen foar in wrâldreis mei syn frou. En Albert Crestian hat fjouwer yn Fryslân wenne mar stiet op it punt werom te gean nei Bonêre en de famylje Poortinga hat in boerebedriuw kocht yn Dútslân en emigrearret dus.