Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_NIJE_NATUER_051195_WR

Nije natuer

05 Novimber 1995

We sjogge by trije projekten dy't nije natuer opsmite moatte. By Appelskea is 200 bunder bosk kapt om de stosân yn it gebiet de romte te jaan. Net elk begrypt dit plan fan Steatsboskbehear. Fûgelwachters by Jistrum binne net wiis mei de plannen fan Steatsboskbehear om in stik greide om te foarmjen nei sompe. De stinzen Staniastate (Oentsjerk) en De Klinze (Aldtsjerk) wurde mei elkoar ferbûn troch ruilferkaveling en nije natuer. De lânskipsarsjitekt leit syn plannen út, der moat ek in menpaad komme.

Wurktiid TV: WSW

Wurktiid TV: WSW

29 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de WSW, de wet op de sosjale wurkfoarsjenning, subsidiearre banen foar minsken mei in ôfstân nei de arbeidsmerk. Direkteur F. Kooiker fan De Woudengroep fertelt oer it nut fan de wurkpleats en wurknimmers T. Gevers en F. van Velzen fertelle oer it wurk dat se dogge yn de wurkpleats, se meitsje ortopedyske produkten.

LTV_Ferdronken-ferline_WR

Ferdronken ferline

12 Novimber 2006

Yn de rin fan de iuwen binne hiel wat doarpen, stêden en eilannen yn it wetter ferdwûn. We sjogge by trije projekten fan stikken ferdronken lân. By Eanjum litte terpôfgravingen sjen dat minsken op in terp wennen om har te beskermjen tsjin it wetter, der wienen noch gjin diken. Op Skiermûntseach binne ûndersikers al in jier lang op syk nei spoaren fan it eardere eilân Bosch. En archeologen en archeologyske ûndersikers stride oer it wol of net bestean fan Esonstêd, dat dogge se mei boarnen en opgravingen.