Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_ROADS_MELODY_WR

Road's Melody

31 Oktober 2004

De Ljouwerter band Road wie suksesfol yn de jierren santich. Har grutte hit wie The unchained melody. Se stienen sels yn TopPop en hienen in fanclub. Mei de leden (Hans Krakou, Arjen Kamminga, Frans van den Borg en Harry Kootstra) sjogge we werom op it begjin en it sukses en hoe't it no mei se is. Ek plateprodusint Wobbe van Seijen komt oan it wurd en pophistoarikus Beart Oosterhaven. Op in jûn fan Stappers van Toen ropt de plaat in soad oantinkens op.

180705_SADWAANDE_OER_RECYCLING_06_01_1999.mp4

Sadwaande: Recycling

06 Jannewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer recycling. We sjogge by de famylje Wijmenga yn Ljouwert dy't fjouwer dochters ha. Se drage de klean fan elkoar en skiede it ôffal. We sjogge ek by de VAM yn Wijster dêr't de smoargens fan húshâldingen hinne giet en ferwurke wurdt. En we sjogge op de rommelmerk op De Westereen dêr't wol hannel is yn in grut ferskaat oan twaddehânsk guod.

Under Fjoer 0110 Jan Jaap van der Wal (2)

Under Fjoer 0110 Jan Jaap van der Wal (2)

14 Maaie 2003

Yn dizze Under Fjoer diel 2 fan kabaretier Jan Jaap van der Wal dy't ûnderfrege wurdt troch seis jongeren.