Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

PETEAR_AGGIEVANDERMEER

It Petear: Aggie van der Meer

08 Oktober 1996

Klaas Jansma hat Aggie van der Meer fan Boalsert as gast. Neist har wurk as skriuwster is se aktyf yn de fredesbeweging en warber foar Leefbaar Fryslân.

BOPPEDAT_230597_HEMRIK_WR

Boppedat: Feint fan twa masters 1997

23 Maaie 1997

In reportaazje út 1997 oer it iepenloftspul "Feint fan twa masters" yn rekreaasjepark Sparjeburd op 'e Hemrik.

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

29 Oktober 2003

Programmamakker Annet Huisman freget har ôf hoe't de minsken fan de Frijheidswyk sels har buert belibje. De Ljouwerter wyk is de lêste tiid tige negatyf yn it nijs. In sjitpartij by it winkelsintrum, in stekpartij yn supermerk mei in skroevedraaier. De eigener fan dizze winkel slút letter de saak. Se praat mei in hiel soad bewenners. De wyk is 'stedsfernijingsgebiet': yn de kommende jierren wurdt de buert flink fernijd of renovearre. Sokke prosessen geane altyd traach en it gefaar driget dat yn dy tuskentiid de problemen earder grutter as lytser wurde.