Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Om Utens: Pieter Huistra

Om Utens: Pieter Huistra

20 Maaie 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Pieter Huistra út Goaiïngea. Huistra begûn syn fuotbalkarriêre by Drachtster Boys. Dêr bliek al dat er goed fuotbalje koe. Hy koe it sels sa goed dat er yn it Nederlânsk alvetal spile.

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 2

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 2

08 April 2005

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel twa fan in searje oer wurk. Hoe komst oan in baan en watfoar oplieding hast dêr foar nedich? Jildou de Vries praat deroer en se sjocht ek by it wurk oan de âlde pleats yn Aldlemmer dêr't in tal VMBO-learlingen de boel opknappe om der in wen- en soarchkompleks foar handikapte minsken fan te meitsjen. Ek sjogge we wer by Biddle, in bedriuw yn klimaatapparatuer yn Koatstertille, dêr't wurknimmers oer it wurk fertelle dat se dogge en dat se soms ek op 'e nij nei skoalle moasten om by te learen.

CAMPING_2_WR

In dei op de camping 2: Hindeloopen yn Hylpen

16 July 1997

Sfearympresje fan de camping Hindeloopen yn Hylpen, oan de Iselmar, en de tydlike gasten. De camping lûkt in soad wettersporters dy't komme om te surfen mar ek om te fiskjen. Der binne in soad Dútske fakânsjegongers en it gers moat fansels ek meand wurde.