Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fytsalvestêdetocht 1997

Fytsalvestêdetocht 1997

19 Maaie 1997

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 1997 wie wiet mei in soad rein en lekke bannen. Wiebe Wobbes fytste de tocht sels twa kear, foar it goede doel.

Wâldrock 1998

Wâldrock 1998

03 July 1998

In lange reportaazje oer de alfde edysje fan Wâldrock by Burgum. Der binne 8.000 besikers op ôfkaam. It is min waar, troch de rein is it terrein feroare yn in modderbad. Oan it festival wurkje 300 frijwilligers mei, by de bar, yngong of foar it poadium. De measten dogge it al in tal jierren en nimme der spesjaal frij foar. Se fine benammen de sfear moai. Optredende bands binne ûnder oare Soulfly en Dream Theater.

7de klasse A 15: Blokzijl - EBC Eastermar

7de klasse A 15: Blokzijl - EBC Eastermar

31 Maart 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Twizel hat noch mar twa punten achterstân op koprinner Blokzijl. Dit kear spylje se tsjin EBC Eastermar 1-0.