Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0406

ABD-sjoo 0406

22 Febrewaris 2005

Yn de sechsde ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Paadwizer út Oentsjerk en de Ichtusskoalle út Gytsjerk it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by it Fries Scheepvaart Museum yn Snits dêr't Anke Roorda wat oer in boeier fertelt, de mollefanger fan Hallum en yn it Fersetsmuseum. Te gast is Mariska de Boer mei in stoof. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Sybe Satellyt 0606

Sybe Satellyt 0606

13 Febrewaris 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. It is winter, der leit iis en it is sjippeglêd dus Sybe wol sâltstruie. Hy praat mei Geert Talman, direkteur fan sâltfabryk FRIMA yn Harns en krijt útlis oer hoe't sâlt wûn wurdt. En hy krijt te sjen hoe't in heupoperaasje by hûn Nester yn syn wurk giet en praat dêroer mei bistedokter Harm Wieringa.

ITDOARP_HIESLUM_270599

It Doarp: Hieslum

27 Maaie 1999

Portret fan it doarp Hieslum en syn 70 ynwenners. Ien dêrfan is Gatze Labordus, hy sammelet alles dêr't roazen op steane, fan diggelguod oant tekeningen. It doarp hat ek in boerecamping fan de famylje Heeres, in boatsjebetimmerer en in komponist. Alle jierren betinke se de omkommen bemanning fan in yn 1943 delstoarte Lancaster. It doarp hat in toanielferiening en in modelfleanklup.