Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0301

ABD-sjoo 0301

16 Septimber 2003

Yn dizze ôflevering nimt de Krunenstrobbe út Jorwert it op tsjin de Master Frankeskoalle út Earnewâld. De ûnderwerpen binne Douwe Egberts, it ferwurkjen fan gemysk ôffal en bierbrouwerij Us Heit yn Snits. Gast is Richard Mastenbroek. Hy hannelet yn 'enge' bisten en nimt in baardagaam mei.

Monuminten yn Fryslan 2 Gebouwen fan it gesach

Monuminten yn Fryslan 2 Gebouwen fan it gesach

24 Novimber 1988

Yn diel twa fan it trijelûk oer monuminten fan Fryslân dûke we yn de skiednis en de monuminten fan it gesach fan Sleat. Menno van Coehoorn, it Stedshûs en de herfoarme tsjerke fan Sleat komme hjiryn foarby.

Hjoed: de caravan

Hjoed: de caravan

02 April 2005

In heal kratsje bier de man. Neffens de lanlike Stichting Alcoholpreventie, koartsein STAP, is dit it gemiddelde alkoholgebrûk fan jongeren yn eigen keten en caravans. 'Skrikbarend' fynt de STAP. Yn Fryslân binne inkelde hûnderten caravans dêr't jongeren byinoar komme en sûnder tafersjoch oan it bier sitte. Dat it ek oars kin bewiist in groepke jongeren yn Driezum. Dêr lette de âlderen op it drinkgedrach fan 'e jongeren.