Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_VUURTOREN_PIETERVERHOEFF_060394

LTV: De Vuurtoren en Pieter Verhoeff

07 Maart 1994

Yn dizze dokumintêre fertelt regisseur Pieter Verhoeff oer it meitsjen fan De Vuurtoren. De trijedielige searje út 1994 giet oer it libben fan in jonge yn in Frysk fiskersdoarp en is basearre op syn eigen jeugd.

Tûkelteammen 0201

Tûkelteammen 0201

30 Septimber 2003

De earste ôflevering fan it twadde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sitte aktrise en sjongeres Maaike Schuurmans en Teade Kingma; yn team 2 sjonger Meindert Talma en Piter Postma.

LTV_BRADA_141203_WR

De ûndergong fan Brada

14 Desimber 2003

De grutte slachterij Brada yn Ljouwert wie in begryp: kij gienen net nei de slachter, nee kij gienen nei Brada. Oait begûn yn de Lytse Tsjerkestjitte ferhuze it famyljebedriuw yn de jierren tritich nei de Snekertrekweg. Dêr fertelt Benno Brada, sechsde generaasje, oer de skiednis fan it bedriuw en de úteinlike ferkeap oan slachter Aaldert Wildeboer út Hollandscheveld. Skulden en de tongblierkrisis makken in ein oan Brada. Ald-wurknimmers komme oan it wurd en we sjogge op it bedriuw, noch yn aksje en no't it leech is. Ek feehanneler Bonne Speerstra komt oan it wurd.