Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed

Hjoed

05 Desimber 1997

Sinteklaas wie foar de 35e kear op besite by Sytse Rypstra en syn sus Mientsje yn Deinum. Mientsje fersoarget har ferstanlik beheinde broer en se fynt it geweldich dat sinteklaas de muoite docht om del te kommen.

Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

20 Juny 1998

Yn Hjoed fan 20 juny 1998 is de offisjele betinking fan Fryslân 500 te sjen. Dat wie yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert yn bywêzen fan prinsesse Margriet. Kommissaris Loek Hermans faget de flier oan mei de minsken dy't krityk ha op Fryslân 500. Fryske organisaasje boykotte de betinking. Neffens Hermans is 1498 in kearpunt yn de skiednis en hat it de basis lein foar ús bestjoersfoarm. Yn de dêropfolgjende reportaazje is te sjen dat oan de oprop om te flagjen net folle gehoar jûn is. Yn Bitgum wapperet de swarte flagge oan de tsjerketoer, in inisjatyf fan de koster.