Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FOPPE_WR

Fryslân Foppe!

16 Maaie 2004

Portret fan SC Heerenveen-trainer Foppe de Haan, dy't yn 2004 ôfskie nimt. De doe 60-jierrige trainer siet dat jier foar it lêst op de bank by de kompetysjewedstryd tsjin FC Twente. Yn dizze dokumintêre is de oare kant fan de trainer te sjen: it aaisykjen mei syn maten en it fuotbaljen mei syn pakesizzers. Mar fansels wurdt der ek oer fuotbal praat, mei ûnder oaren in weromblik op de KNVB-finale yn 1992.

De Dyk Ut 14

De Dyk Ut 14

18 Augustus 1998

De Dyk Ut. Oflevering 14: Fan Kimswert nei Skuzum.

Spegels: It skelet en de Fryske Soundmixshow

Spegels: It skelet en de Fryske Soundmixshow

22 Jannewaris 1999

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering it toanielstik 'In skelet yn Ierlân' fan Tryater mei Jan Arendz en Marijke Geertsma. En in reportaazje oer de Fryske Soundmixshow.