Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

28 Maaie 2003

Programmamakker Albert Jensma sjocht by de fiskershaven fan Lauwerseach. Dy moat de kommende jierren de omslach meitsje fan fiskershaven nei toeriste-oard. Dat blykt út in rapport oer de takomst fan de haven fan Lauwerseach, want it giet net goed mei de fiskerij en de hannel deryn. Op de fiskôfslach wurdt hieltyd minder fisk oanfierd omdat de see leech rekket. De gruttere fiskersskippen komme hjir net omdat de fargeul te ûndjip is. Dan komt der noch by dat de thúsfloat fan in lytse 70 garnalekotters op dit stuit yn in flinke krisis sit.

Wurktiid TV: Heiwo-karrosserybou yn Wolvegea

Wurktiid TV: Heiwo-karrosserybou yn Wolvegea

26 Febrewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Heiwo yn Wolvegea, dêr't frachtweinen en oplizzers boud wurde. Se liede jonge minsken op om it fak te learen. Fred Bouma fan Van Hecke is kollega fan de wike en op it arbeidsburo yn Ljouwert dogge twa minsken in oprop foar wurk en tsiisgruthanneler Eisenga siket minsken foar op syn tsiisbus om tsiis te ferkeapjen.