Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Anita Dijkstra oefenet foar Sipelsop en Sûkelade

Anita Dijkstra oefenet foar Sipelsop en Sûkelade

08 Maart 1988

Anita Dijkstra út Jelsum is lid fan it Fryske bernekoar. Se moat oefenje foar de foarstelling Sipelsop en Sûkelade en Freark Smink wie by de repetysje fan it koar.

LTV_FRYSLAN_LYTS_OPERASJONGER_HENK_SMIT_WEROMROP

Fryslân is te lyts 1: de operasjonger

24 Novimber 1991

In portret fan Henk Smit, de meast frege en suksesfolste operasjonger fan Nederlân, hy sjongt yn tal fan produksjes yn binnen-en bûtenlân. Hy is berne yn Surhústerfean yn in muzikaal fermidden. Yn 1951, hy wie 19 jier, emigrearre de famylje nei Kanada en dêr begûn er mei sjongen. No wennet er yn Amsterdam. We folgje him by de repetysjes foar Aïda, by de kap en grime en sjogge in stik fan de útfiering.

It Fryslân fan Jos de Putter: Yn it foarbygean

It Fryslân fan Jos de Putter: Yn it foarbygean

08 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Jos de Putter komme fjouwer Fryske dichters oan it wurd dy't it lânskip as tema hawwe. Douwe Tamminga is yn Raerd dêr't eartiids Jongema State stie, Baukje Wytsma fertelt oer har doarp Reduzum, Wilco Berga fart op it wetter by de Snitser Mar en Albertina Soepboer rint op Skiermûntseach. Elke dichter fertelt oer it lânskip en lêst ta beslút foar út eigen wurk.