De rykdom fan it Aldfrysk

11 Maart 2007

Tusken 1300 en 1500 waard al yn it Frysk skreaun. Ferskate hânskriften binne bewarre bleaun en jouwe ynteressante ynformaasje oer it Fryslân fan doe. It wie de tiid fan it Grut-Fryslân, lâns de kust fan Noard-Hollân oant oan de Weser yn Dútslân waard Frysk sprutsen. De sân Fryske seelannen kamen byinoar by de Upstalbeam by Aurich yn it Dútske East-Fryslân. Yn in oersetting fan Oebele Vries binne de âlde wetsteksten, want dat wiene it meastentiids, no tagonklik foar elkenien yn it boek ‘Asega, is het dingtijd?' Hy fertelt oer de taal en ek nearlandikus Frits van Oostrum komt oan it wurd en dichteres Albertina Soepboer.